Westermar Toaniel spilet ‘Brún Kafee Dûbel D’

westermartonielBuertferiening Westermar spilet op 3 en 4 febrewaris yn Party en sealesintrum ’t Haske it toanielstik ‘Brún Kafee Dûbel D’. It is in blijspul fan Evelien Evers. De Fryske bewurking is fan Roel Klijnstra.

Wêrom Dûbel D? Nee, hear, it is net wat jo tinke. Dûbel D stiet foar: Durkje en Dieuwke. In pear fleurige susters, dy’t tegearre it bewâld hawwe oer in brún kafee. In kafee, dêr’t typyske karakters klant binne. Bygelyks Rein, dy’t mient dat hy altyd gelyk hat. Evert-Jan, dy’t wol gauris in slokje te folle op hat. Sytske, syn frou, in fekke, dy’t ek wol in slokje mei. Harm, in motorrider yn ieren en sinen, mar graach oerdriuwe mei. De artistike Minke, dy’t altyd har hûntsje yn it petear belûkt. Bearn, dy’t mar in inkele kear komt, omdat hy sa op syn sinten sit. It slagget him ek hieltyd, om sûnder te beteljen wer fuort te gean. Mar dêr kin de skoarstien net fan rikje. Wylst it der mei it kafee al faai foar stiet. Soe it de susters slagje om de holle boppe wetter hâlden? 

De foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Kaarten kostje € 11,00 (freed) of € 12,50 (sneon) en binne te keap by Primera Joure, De Merk 3 op ‘e Jouwer.

Westermartoaniel_poster